Boek: Nûmers (2004)

Nûmers

Fan boppe-ôf lykje it mar grize. monotoane blokken te wêzen. In grutte wenwyk, in rjochte strjitte, in hûsnûmer. Minsken stean foar it rút en sjogge nei de foartún, se draaie harren om en sjogge nei de achtertún. In situaasje. In mins hat net alles, in mins kin net alles, tinke se. In mins is net alwittend. Dochs wurde se besjoen. Guon rinne tafallich troch de strjitte en belje oan; as der net iepen dien wurdt, sjogge se eefkes troch it rút.

Utjouwerij Bornmeer / Omslach: Gert Jan Slagter