Boek: It Fûgelgebed (2013)

It Fûgelgebed

Wetter en wyn

Wat er altyd die, wie lichte slachjes draaie yn syn kearsrjochte skieding boppe de foarholle. Dan tocht er op syn hiel eigen spesifike wize nei oer it nimmen fan in wichtige beslissing. Hy rûn ek mei de fuotten nei binnen, sadat it like as moast er him oer it paad in wei bane. Syn hannen en fuotten wiene syn
eigen flaggen, sa koe se him út tûzenen werom – lykas no, no’t er deroan kaam, oer it wiete gers rûn, mei de lofterhân de kapusjon op syn plak hold en yn de oare earm twa folle flessen droech. Se seach dat it losrekke stekje maklik meijoech. Hoeden die er de doar fan de stakaravan iepen en ticht.
‘Ik ha noch twa flessen wetter kocht, dat is alles wat der wie,’ hearde se him fuort sizzen.
Doe’t er de flessen op it oanrjocht set hie, draaide er him om.
‘Dus de dûsen dogge it net?’
‘Der is neat oan te dwaan. De behearder sei dat de oarsaak noch net fûn is. De hiele omjouwing hat gjin wetter, wy binne net de iennichsten.’
Wat er oan hie – âlde klean, grutte learzens – stie him net mear. Alde mannen hienen gjin fersliten klean oan, lykas sy ek gjin koarte broek mear droech. Net dat dat hjoed noch mooglik wie. It wie al hast novimber, oer in wike moasten se op hûs oan.
‘Sil ik kofje sette? Ja, dat sil ik dwaan.’
Se kaam achter him stean, treau him in bytsje fansiden en krige de tsjettel.
‘Wêrom hast mar twa flessen meinommen? Twa is lang net genôch.’
‘Ik mocht net mear keapje. Alle minsken dy’t nochop de kamping binne hawwe rjocht op wetter, sei de behearder.’

‘Mmm. Wy moatte ús dan mar waskje mei ien flesse. Wolst dat ik it wetter waarm meitsje?’
‘No nee. Ik bin net fan sûker. Meist my wol helpe.’
Se sette de lege tsjettel werom op it lytse fornús en seach dat er de reinjas út die.
‘Dan doch ik dat mar.’
Wylst se de gerdinen ticht die, in handoek en sjippe út it sliepkeammerke helle, hearde se dat er wetter yn in tobke die. Doe’t se werom kaam, stie er yn syn ûnderguod by de kraan. Syn grutte ûnderbroek hong der flodderich by. Glimkjend seach se nei syn rimpelige earms. Se wiene witer wurden, feal hast.
Oait wie se as in blok fallen foar syn behierre fingers. Fol glâns leine se altyd op it stjoer, fol libben tikken se de maat as er in rideltsje song. No wiene de hierkes griis wurden en hiene se ûnkontrolearre lingtes krigen, lykas de útslaande hierren fan syn
wynbrauwen.
Se kaam by him en fersûpte it waskhantsje yn ’e tobbe. Hy die it himd út en lei it op de tafel. Stadich sjippe se him yn. Rêstich die er de earms omheech, sadat se oeral by koe.
Se woe sizze dat er noch altyd moai wie, lekker wie, mar der wie wat dat har tsjinhold. Dizze moarn bestie út neispiele – bûten reinde it, yn de stakaravan dripte it waskhantsje. Fol konsintraasje naam se him ôf. Ien, twa, trije-fjouwer-fiif foel it wetter op de flier. Doe’t se it waskhantsje útspielde boppe it tobke, lei er de hân op har earm.
‘Do bist wol fan sûker. Lekkere sûker. Sil ik dy waskje?’
‘Ja, dat wol ik graach.’

(side 145-146)

Utjouwerij Bornmeer. Omslach: Anja de Boer